Knkb jongens yn Mantgum
Snein 8 juny wie yn Mantgum de ôfdieling KNKB jonges en derneist de troch inoar lotsjen KNKB jonges. Der keatsten fjouwer en fjirtich pertoer. By de ôfdieling waard de finale op fiif - fiif seis –seis beslist troch in kweaslach om trije minuten foar sânen. Wjelsryp mei Jelmer Hofstee, Paulus Yde Walda en Jouke Bosje, gong mei de krânsen nei hûs. De preemje wie foar Sint-Jabik mei Bauke Triemstra, Benjamin Houtsma en Rick Poortstra. De tredde priis gong nei Tsjummearum, Jeroen de Haan, Arnold Zijlstra en Oane Veldman. De fjirde priis wie foar Boalsert, Peter van Zuiden, Carlo Boons en Thomas van Zuiden en de oare fjirde priis wie foar Frjentsjer mei Patrick Scheepstra, Cor Boonstra en Eelco Boonstra. It wie in tige waarme mar moaie keatsdei.
By it trochinoar lotsjen wie de earste priis foar Anne Wind, Penjum, Laurens Bergsma fan Harns en Jitze de Jong fan Wynaam. De preemje gong nei Hendrik Kootstra, Miinertsgea, Sjoerd Jansen, Minnersgea en Evert Sjoerd Sybesma fan Sibrandabuorren. De tredde priis wie foar Sjouke Hellinga fan Damwâld, Jasper Visser, Mantgum en Sybren Beert de Jong fan Burgwert.
Geplaatst op 08 June 2008